Doeksen net bliid mei EVT

16 aug 2008 - 13:58

Rederij Doeksen is net bliid dat de Eigen Veerdienst Terschelling fan moandei ôf twa wiken lang fergees reizgers oerset tusken Skylge en Harns. Takom moandei begjint de konkurrint fan Doeksen mei feartsjinsten.

Direkteur Melles fan Doeksen hopet dat de wetjouwing oangeande de fearferbining gau oanpast wurde sil. Steatssekretaris Huizinga fan Ferkear wol dat Doeksen foar 15 jier as ienichste rederij it eilânferfier docht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)