Ynwenners De Blesse noch alert

De moard waard hjir pleegd (argyffoto)
De ynwenners fan De Blesse binne noch hieltyd ekstra alert en hâlde de doar op slot nei de moard yn juny op har 52-jierrige doarpsgenoat Ida Klijnstra. De ôfrûne dagen is in rekonstruksje fan de moardsaak makke.
Tritich resjersjeurs wurkje noch hieltyd oan de saak. Yntusken is it wol wat stiller wurden yn de buert, mar de minsken lette noch altyd op inoar. Opsporing Verzocht sil yn de útstoering fan 26 augustus omtinken jaan oan de saak.