EVT fart moandei út

15 aug 2008 - 16:33

De Eigen Veerdienst Terschelling hat moandei 9.30 oere mei de earste ôffeart fan Skylge nei Harns. De konkurrint fan Doeksen begjint mei twa ôffearten deis, letter wurde dat mear.

De EVT set earst de boat De Stortemelk yn, om´t de Willem Barentsz noch net klear is. De oertocht mei de Stortemelk duorret twa oeren, de Willem Barentsz docht der in oere oer. In inkele reis kostet no noch 8 euro foar toeristen en 2 euro foar eilanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)