Stifting Present helpt minsken

15 aug 2008 - 14:20

Smellingerlân is de earste Fryske gemeente dêr´t de Stifting_Present aktyf is. De kristlike stifting helpt minsken dy´t gjin help krije kinne fan mantelsoargers of maatskiplike organisaasjes. Sa sille frijwilligers in hûs opknappe fan in man dy´t gjin famylje of freonen hat.

Present set groepen frijwilligers yn foar koarte projekten. Ek yn Ljouwert, It_Hearrenfean en Achtkarspelen binne plannen om in Stifting_Present op te rjochtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)