Heger berop bûsmeskwestje

Van der Goot yn kassaasje yn messesaak
Advokaat Tjalling_van_der_Goot giet de striid oan mei de gemeente Ljouwert oer it dragen fan in mes. Syn kliïnt, in 41-jierrige Akkrumer, krige in boete fan 50 euro oplein neidat er yn it gerjochtsgebou oanhâlden wie mei in mes yn ´e bûse. It gie hjir om in legaal mes, mar yn de hiele binnenstêd jildt dat men gjin foarwerpen by him hawwe mei dêr´t mei stutsen wurde kin.
Van_der_Goot fynt dat de gemeentlike regeling folle fierder giet as de wet en giet dêrom yn berop.