Matusiak fuort by It Fean

Radoslav Matusiak fuort by Hearrenfean
Hearrenfeanspiler Radoslav_Matusiak mei útsjen nei in oare club. De Poalske spits kaam ferline jier oer fan de Italjaanske club Palermo, mar koe nimmen oertsjûgje en waard healweis it seizoen ferhierd oan de Poalske club Wisla_Kraków.
Yn de tarieding foar it kommend seizoen spile Matusiak in soad, mar blykber hat er gjin yndruk makke op trainer Trond_Sollied. Woansdei waard ek bekend dat Poulsen, Prager en Johnson de club ferlitte meie.