Lân te wiet foar boeremasines

14 aug 2008 - 12:18

It wiete waar sit de Fryske bouboeren dwers. De ôfrûne dagen is der op plakken in soad rein fallen. De bouboeren kinne net mei masines it lân op om ierdappels te dollen. Dy moatte der no wol út. De boeren grave mei de skeppe sleuven om it wetter fuort te krijen. Mei rotsjende poaters falt it noch wol wat ta.

It nôt hat bot te lijen fan it minne waar. Yn hiel Nederlân is al in soad fan it lân helle, yn Fryslân noch mar 5 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)