Broeretsjerke moat oanlokliker

14 aug 2008 - 11:44

It moat foar toeristen oanlokliker wurde om de Broeretsjerke yn Boalsert te besykjen. Dat fynt de gemeente Boalsert. De gemeente hat studinten fan de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) frege ûndersyk te dwaan nei mooglikheden om in besite oan de tsjerke nijsgjirriger te meitsjen. Sa falt der no neat oer de skiednis fan 'e tsjerke te lêzen. As dat der wol is, bliuwe toeristen mooglik langer yn it histoaryske gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)