Den Oudsten ramt pealtsje

14 aug 2008 - 09:59

De plysje fan Enschede ûndersiket in oanriding fan boargemaster Den_Oudsten fan dy gemeente. De âld-wethâlder fan Ljouwert soe neffens in tsjûge troch read riden wêze en hat dêrby in beweechber pealtsje rekke. Dêrnei soe er trochriden wêze. Neffens Den_Oudsten sels wie it ljocht al grien en kaam de peal omheech wylst er deroerhinne ried.

It iepenbier ministearje seit dat Den_Oudsten gelyk hat. Der wurdt no útsocht oft it pealsysteem stikken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)