CDA: hûnebelesting weromjaan

© Omrop Fryslân
It ekstra jild dat de gemeente Ljouwert krijt oan hûnebelesting, moat werom nei de belestingbeteller. Dat fynt it CDA. Troch ekstra kontrôles hat de gemeente mear as tûzen hûnen opspoard dêr´t gjin belesting foar betelle waard.
De hûnebelesting wurdt no brûkt foar de oanlis fan terreinen dêr´t hûnen losrinne kinne en foar de oanpak fan hûnestront. No´t dêr jild foar reservearre is, kin it ekstra jild werom nei de beteller, fynt it CDA.