Nij teaterselskip fan start

In reuny fan fuotbalfreonen
Spilers fan Fryske iepenloftspullen begjinne in eigen teaterselskip om sa fan aktearjen harren wurk te meitsjen. De stichting Breinroer begjint nei dizze simmer mei de repetysjes foar de foarstelling De_Tredde_Helte.
In subsydzje fan 15.000 euro fan de provinsje hat de lêste tûkelteammen foar dit unike projekt út ´e wei holpen. Oan de foarstelling dy´t giet oer in reuny fan fuotbalfreonen dogge fjouwer akteurs mei dy´t oars yn iepenloftspullen spylje.