Soad animo foar folkstún

Louis van Schaik op 'e tún
Nei jierren fan ôfnimmende belangstelling foar de folkstún, is der op it stuit sa'n soad animo foar it túnkjen dat der net genôch túntsjes beskikber binne op de kompleksen. Op guon plakken is der in wachtlist.
Sa is it folkstúnkompleks yn de Snitser wyk de Domp, oan de rûnwei, oan it lèste hoekje grûn beset en wachtsje der fiif aspirant-túnkers oant der in perseel frijkomt. Rûnom yn de provinsje sitte in soad folkstúnkompleksen mear as fol.