Provinsje dielt poadiumjild út

© Omrop Fryslân
Acht Fryske foarstellingen krije mei-inoar 69.000 euro subsydzje fan de provinsje út de pot Poadiumkeunsten. It measte jild is foar de foarstelling De Tredde Helte fan de stichting Breinroer. Dat krijt 15.000 euro. Breinroer makket in toanielstik oer de reuny fan in fuotbalteam, dat spile wurde sil yn fuotbalkantines.
It lokaasjeteaterstik Leeuwarden Bovenal fan it selsskip BUOG en de nije foarstelling Nomade fan Nynke Laverman krije elts 10.000 euro.