Piet Adema: soargen oer A32

Der is mar ien strook beskikber....
De provinsje makket him grutte soargen oer de oanpak fan de rykswei A32 tusken Oerisel en Teridzert. Deputearre Adema is benaud dat Rykswettersteat net op koarte termyn jild hat om de rjochterrydstrook op de dyk te meitsjen.
Hy wol sa gau mooglik mei minister Eurlings fan Ferkear prate oer de problemen mei de dyk. De rjochterrydstrook fan de A32 tusken Oerisel en Teridzert waard tiisdei foar lange tiid ôfsletten.