Crone: kriminelen folgje

Boargemaster Crone
De gemeente Ljouwert en de plysje Fryslân binne dwaande om in groep fan 80 kriminele Antiljanen yn de stêd sa hinderlik mooglik te folgjen. Dat seit boargemaster Crone nei oanlieding fan it nijs oer de oanhâlding fan sân Antiljanen foar ferbean wapenbesit.
It is neffens Crone oan it folgjen te tankjen dat de jonge Antiljanen oanhâlden wurde koene foar drugs en wapenbesit. Crone hâldt rekken mei mear arrestaasjes, want de plysje sit 'der boppe op', sa seit er.