Poulsen en Prager meie fuort

13 aug 2008 - 14:09
Poulsen spile ferline jier 33 wedstriden

De Hearrenfeanspilers Thomas_Prager, Jakob_Poulsen en Will_Johnson meie omsjen nei in oare club. Trainer Trond_Sollied fynt dat de spilers net mear yn oanmerking komme foar in basisplak.

De Deen Poulsen spile ferline jier noch 33 wedstriden. Prager woe ferline jier al fuort, mar Hearrenfean liet de Eastenriker doe net gean. Johnson waard ferline jier ferhierd oan De_Graafschap en mei no omsjen nei in oare club.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)