470-sylsters ticht by medalje

De Koning-Berkhout(foto:Richard Langdon)
Syltrainer Jacco_Koops fan It Hearrenfean is mei syn sylsters Marcelien_de_Koning en Lobke Berkhout wer in stap tichterby in medalje. Yn de 470-klasse einigen Berkhout en De_Koning woansdei as twadde en yn it klassemint steane se no healweis de kompetysje earste.
Dat earste plak diele se wol mei de Austraaljers Rechichi en Parkinson. Tiisdei sieten Prins_Willem_Alexander en Prinses_Máxima op de tribune om de sylsters oan te moedigjen.