Piter Jelles:bestjoer stapt op

It kolleezje fan bestjoer fan skoalmienskip Piter_Jelles leit syn funksje del. It hat der gjin betrouwen mear yn dat it in reorganisaasje fan de skoalmienskip trochfiere kin.
Dat komt troch in konflikt dat it kolleezje hat mei tal fan lokaasjedirekteuren. Dy hawwe har siikmelden. Der binne al langer problemen by Piter_Jelles fanwege dy reorganisaasjeplannen. Doel dêrfan is om ferskate lokaasjes ûnder ien direkteur te bringen.