Fuotballers wolle nei Beijing

13 aug 2008 - 09:12

De Olympyske fuotballers wolle graach nei Beijing. Yn Shenyang, dêr't Nederlân tsjin Japan fuotballet en yn de eardere spylstêd Tianjin, is neffens Foppe de Haan net folle Olympyske sfear. De omstannichheden binne ek net maklik yn Shenyang. It wie der tiisdei boppe de 40 graden.

Nederlân moat winne fan Japan om troch te gean yn it fuotbaltoernoai. De Haan wol mei in 'ferrassende opstelling' komme en sa oanfallend mooglik fuotbalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)