Hamburger wol yn de Acht

© Omrop Fryslân
Roeier Sjoerd_Hamburger út Aldeberkeap makket mooglik syn debút yn de Acht. Neffens coach David_McGowan is de skiffeur ien fan de kandidaten om Olivier_Siegelaar te ferfangen as dy snein noch hieltyd blessearre is. De Hollân Acht roeit snein de finale fan it Olympysk roeitoernoai.
Hamburger is noch net frege, mar hat der wol earen nei as it oan 'e oarder is. Syn roeitoernoai is tongersdei dien.