Baan A32 by Teridzert ticht

12 aug 2008 - 14:59

Ien rydstrook fan de A32 tusken Teridzert en de grins mei Oerisel is fan tiisdei ôf ôfsletten foar it ferkear. It giet om in stik fan 10 km lingte. Neffens Rykswettersteat is de kwaliteit fan ´e dyk sa min dat de feiligens yn gefaar is.

Op guon plakken is der sprake fan slimme spoarfoarming en der sitte oer de breedte hobbels yn de dyk. De oarsaak leit yn de minne fundearring. It is noch net dúdlik hoe lang´t it wurk duorje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)