Body Shop helpt Fier Fryslân

Helpferlieningsorganisaasje Fier_Fryslân siket froulju dy´t freondinne wurde wolle fan slachtoffers fan húslik geweld en twongen prostitúsje. Neffens Fier Fryslân is it wichtich dat de froulju yn de ferskate opfanghuzen geregeld besite krije fan in freondinne.
It nije projekt wurdt betelle troch winkelketen The_Body_Shop. Dy hat dêrfoar in lippestift op ´e merk brocht wêrfan´t de opbringst nei Fier_Fryslân giet.