Feest by Fryske Marreprojekt

De Rite fan wetter (foto:Frysk Festival)
De provinsje fiert ein augustus de ôfsluting fan de earste faze fan it Fryske_Marreprojekt. Dat bart mei de de premjêre fan ´e foarstelling De Rite fan wetter. De foarstelling is mooglik makke yn gearwurking mei it Frysk_Festival. Foarôfgeand oan it program rikt kabaretier Freek_de_Jonge in spesjaal boek út oan boargemaster Van_Klaveren fan Weststellingwerf, âld-deputearre en inisjatyfnimmer fan it projekt. It boek giet oer farrûtes en akwadukten.