Famkes fan hynders smiten

12 aug 2008 - 09:59

Twa famkes út Hollum op It_Amelân binne moandei yn har wenplak ferwûne rekke by it hynsteriden. De slachtoffers wiene yn in hynstebak oan it riden, doe´t de beide hynders ynienen begûnen te bokken. De twa famkes foelen dêrtroch.

Ien fan har waard mei de traumahelikopter nei it MCL yn Ljouwert brocht. It oare famke waard troch in húsdokter behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)