Friesland Vlees ferkocht

De slachterij giet definityf ticht
It doek is definityf fallen foar it bedriuw Friesland Vlees: de Ljouwerter slachterij is ferkocht. Dat hat eigner Harry Wildeboer befestige. Der sil gjin trochstart fan Friesland Vlees plakfine. Wildeboer wol net sizze wa't de nije eigner wurdt.
Neffens Wildeboer sille der op it bedriuw gjin slachtaktiviteiten mear plakfine. Mei de FNV is in sosjaal plan útwurke dat neffens Friesland Vlees goed te neamen is. It bedriuw kaam fan 't maaitiid yn 'e problemen.