Dronryp: skoalkompjûters fuort

11 aug 2008 - 11:31

De earste skoaldei foar de bern fan de Sint_Radbodusskoalle yn Dronryp begûn moandei yn mineur. Yn de nacht fan snein op moandei waard der ynbrutsen yn it skoalgebou. Dêrby binne in tal kompjûters stellen.

De ynbrekkers kamen deryn troch in rút yn ien fan de lokalen dêr´t gjin alaarmynstallaasje is. De skea rint neffens de direkteur fan ´e skoalle yn de tûzenen euro´s.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)