Muorre falt, Weidumer komt om

It ûngelok barde op dizze pleats
In 32-jierrige man út Weidum is sneintejûn om it libben kaam, doe´t er ûnder in betonnen muorre terjochte kaam. De man wie oan it wurk yn in stâl-yn-oanbou op in pleats oan de Lytse_Buorren yn Weidum.
Doe´t dêrby de muorre omfoel, koe de man net mear op ´e tiid fuortkomme. Hy rekke beknypt ûnder de muorre en is ferstoarn. De technyske resjerzje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.