Sjoerd Hamburger leit derút

11 aug 2008 - 10:50

Roeier Sjoerd_Hamburger fan Aldeberkeap is moandei yn ´e kwartfinale skiff fan ´e Olympyske Spelen útskeakele. Hamburger waard fjirde yn de kwartfinale. Hy hie by de earste trije roeie moatten om him te kwalifisearjen foar de heale finale.

Hamburger lei nei in kilometer roeien noch op kop, mar sakke yn ´e twadde helte fan de race tefolle werom. Hamburger docht no net mear mei foar de earste 12 plakken, mar komt noch wol yn aksje foar plak 13 oant 24.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)