Dwerse Eastermarder oanhâlden

11 aug 2008 - 10:31

De plysje hat sneintenacht yn Feanwâlden mei in soad lijen in 45-jierrige ynwenner fan Eastermar oanhâlden. De man siet mei te folle drank op achter it stjoer. Doe´t de plysje him derfoar meinimme woe, kaam de man yn opstân. Ek de passazjier woe foarkomme dat de man mei moast.

In wrakseling en sels de pepperspray moast der úteinliks oan te pas komme. Sa bedarre de man dochs noch op it buro dêr´t er prosesferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)