Speedboatdieven warber

11 aug 2008 - 10:08
Foto: Omrop Fryslân

Unbekenden binne yn de nacht fan sneon op snein yn Loaijingea útnaaid mei in speedboat. De boat, in wite Sea_Ray 182 speedboat, stie op in trailer parkeard oan de Pasfeardyk. Der siet in ketting om, mar de eigner fûn sneintemoarn allinnich it slot werom. Ek de trailer wie fuort.

Yn Sumar waard ek in boat stellen. Hjir gie it om in grize rubberboat mei dêroan in motor fan 9,9 PK.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)