Brûns foar José v.d. Veen
Atlete José_van_der_Veen út Surhústerfean is sneon tredde wurden op de achthûndert meter. Van_der_Veen helle de brûnzen medalje yn it Belgyske Ninove by de Memorial Rasschaert Ninove.
Van_der_Veen, offisjeel wenjend yn Amearika, rûn de achthûndert meter yn in tiid fan 2´04´70. Dat wie goed twa sekonden achter de winnares Nikeya_Green út Amearika.