Sibon rêdt Foppe

10 aug 2008 - 15:42

Gerald Sibon hâldt it Olympysk fuotbal alvetal yn de race. De spiler fan SC Hearrenfean makke yn blessueretiid út in frije traap de lykmakker tsjin Amearika. De ploech fan Foppe de Haan hâldt dêrmei kâns op it oerlibjen fan de pûlfaze.

Nederlân kaam yn de earste helte foar mei 1-0 troch in goal fan Babel. Yn de twadde helte sakke it hielendal yn by Nederlân. Amearika kaam op 2-1 foar. Ynfaller Sibon wie úteinlik yn blessueretiid de rêder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)