Hurdfytser ferwûne by Abbegea

10 aug 2008 - 14:52

In 45-jierrige hurdfytser fan Balk is sneontemiddei ferwûne rekke by in oanriding mei in auto by Abbegea. De Balkster waard rekke troch in 48-jierrige automobilist út Frankryk. De man wie krekt dwaande in groepke fytsers yn te heljen.

Foardat hy werom stjoere koe, kaam de Balkster al oanfytsen fan de oare kant. Syn maat koe de auto noch ûntwike, mar de Balkster botste fol op de auto. Hy is mei in ferwûning oan de skouder oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)