Famke rydt sûnder rydbewiis

10 aug 2008 - 14:46

In 17-jierrich famke fan De Westerein is it ôfrûne wykein trapearre op it riden sûnder rydbewiis. Plysjeminsken seagen dat der wat knoffelich riden waard mei de auto.

Omdat se tochten dat it gie om in bestjoerder dy't tefolle dronken hie, setten se de auto oan de kant. Doe die bliken dat it famke al fêst wat rydlessen krige fan in freon. Tsjin it famke is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)