Ungelok yn Sânhuzen

10 aug 2008 - 14:44
Foto: Omrop Fryslân

In 14-jierrige jonge út Sânhuzen is sneontenacht ferwûne rekke by in ûngelok mei syn fyts oan de Leemwei yn syn wenplak. De jonge woe al ridend de dynamo op syn bân sette.

Syn broer, dy't achter him ried, hie dat net troch en rekke him op it achtertsjil. Dêrtroch foel de fytser en rekke ferwûne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)