Nije ôfspraken oer Ljouwert

10 aug 2008 - 12:02

De ôfspraken tusken de provinsje en de gemeente Ljouwert gean op 'e skeppe. Oant en mei 2011 is yn it saneamde stedskonvenant ôfpraat dat de gemeente alle jierren fiif miljoen euro krijt.

Dat jild giet no foar it grutste part op oan de oanlis fan diken. De provinsje hat dêr argewaasje fan. Dy fynt dat Ljouwert folle mear ynvestearje moat yn de ekonomy. Yn de nije ôfspraken sil dêr de klam op lein wurde. Dêrneist moat der ek ekstra jild stutsen wurde yn kultuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)