Feilige skoalsônes Opsterlân

10 aug 2008 - 10:30

Yn Jonkerslân wurdt moandei de earste ferkearsfeilige skoalsône fan Opsterlân iepene. Dy sônes moatte it ferkear der op wize dat it de snelheid oanpasse moat. Der komme opfallende peallen te stean en in boerd mei de tekst 'skoalsône'. By alle skoallen yn Opsterlân komt sa'n sône. De gemeenteried hat dêr jild foar beskikber steld.

Wethâlder Kooistra iepent moandei de earste skoalsône, by OBS de Lytse Jonker, yn Jonkerslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)