Siler Postma wer achteryn

10 aug 2008 - 10:26

Siler Pieter-Jan_Postma hat yn de tredde en fjirde race yn de Finnklasse by de Olympyske Spelen syn achterstân yn it klassemint lang net goed meitsje kinnen. Yn de tredde race waard er snein 16e, yn de fjirde race 22ste. By de earste twa races juster waard er 19e en 15e. Postma, út Terkaple, stiet no 20ste yn it klassemint.

Moandei wurde op de Giele See foar de kust fan Qingdao de fyfde en de seisde race yn de Finnklasse syld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)