Skoalpleinen om te boartsjen

10 aug 2008 - 09:42
Foto: Omrop Fryslân

Jeugd yn Smellingerlân moat mear mooglikheden krije om bûtendoar te boartsjen. De gemeente wol skoallen dêrom stimulearje om nei skoaltiid har skoalplein iepenbier tagonklik te meitsjen foar bern.

Der wurdt oer neitocht om skoallen dy't hjir ree ta binne in bedrach fan 5.000 euro te jaan. Ek sil de gemeente skoallen in buordsje jaan mei dêrop de húsregels om op it plein te boartsjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)