Websuper Drachten wreidet út

09 aug 2008 - 17:55

Ynternetsupermerk Boodschappenxl.nl fan Drachten sil tenei ek de stêd Grins en it Westerkwartier betsjinje.

De websuper fan Jan_Meindertsma bestiet sûnt ferline jier. Omdat it yn Fryslân sa´n sukses wurden is fynt Meindertsma dat it no tiid wurden is om út te wreidzjen nei Grinslân. De measte produkten wurde allinnich yn grutte oantallen ferkocht. It giet dan benammen om produkten út it friesfak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)