Jonge oanholden mei GHB

09 aug 2008 - 17:48

In 18-jierrige jonge út Aldhoarne is yn de nacht fan freed op sneon op It_Hearrenfean troch de plysje oanholden omdat hy GHB by him hie.

By in kontrôle op de Dreef waard in 17 jierrich famke sjoen dy´t achter de auto fan de jonge op strjitte lei. Sy is nei it sikehûs brocht. De plysje hie fermoedens dat it famke GHB brûkt hie. Se wie út de tiid rekke en net oansprekber. Yn de auto fan de jonge binne by in kontrôle twa fleskes mei GHB fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)