Dokkum Open Air groeit
In dikke tûzen metal-leafhawwers binne sneon nei it Fryske metalfestival Dokkum_Open_Air yn Raard kaam. Mei 16 ynternasjonale bands op it programma hie de organisaasje in sterke ynfolling fûn foar it evenemint.
It lytse broerke fan Wâldrock yn Burgum groeit alle jierren en hie dit jier sels in twadde poadium.