Epke nei finale rekstôk OS

Epke nei finale rekstôk op OS
Turner Epke_Zonderland stiet op 19 augustus yn de finale op it ûnderdiel rekstôk op de Olympyske_Spelen yn Beijing. Zonderland is sneon op in fjirde plak einige by de kwalifikaasjewedstriden. Yn totaal acht turners dogge mei oan de finale. Epke komt derby as twadde yn aksje.
De Lemster kaam fan ´e moarn betiid al yn aksje en krige in wurdearring fan 15.750. De heechste wurdearring wie foar de Dútser Fabian_Hambüchen mei 16.200.