Halt oan jongeren haven Skier

09 aug 2008 - 11:34

Grutte groepen jongeren binne net mear wolkom yn de haven fan Skiermûntseach. Nei ferskate ynsidinten mei jongeren hat eigner Jilke_Visser in maksimum steld oan it tal charterskippen dat yn syn haven oanlizze mei. Nei fiif skippen giet de haven ticht.

Skippers binne lulk op dit beslút fan Visser en fine dat hy diskrimineart. Toch sille se in oar plak fine moatte om oan te lizzen, want Visser´s belied jildt foar dizze hiele simmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)