Fertraging wurk oan de Wâldwei

© Omrop Fryslân
De wurksumheden op de Wâldwei tusken de Werpsterhoeke en de op- en ôfrit fan de Drachterwei nei Ljouwert om linen te lûken lizze stil.
De masjine om it wurk út te fieren is yn de nacht fan freed op sneon stikken gien en foar reparaasje nei in bedriuw út Leerdam brocht. It grutste part fan it wurk is klear. Der wurdt socht nei mooglikheden om it wurk sa gau as mooglik ôf te meitsjen. It ferkear kin wer gebrûk meitsje fan it stik dyk fan de Wâldwei.