Pieter-Jan Postma 19e en 15e

Postma yn aksje (Foto: Simon Keijzer)
Pieter-Jan_Postma fan Terkaple is sneon it olympysk syltoernoai net sa goed út ein set. Yn syn earste wedstriid yn de Finnklasse waard hy 19e, yn de twadde 15e. De winst wie foar de Gryk Emilios_Papathanasiou en de Brit Ben_Ainslie.
Yn Qingdao op it wedstriidwetter stie amper wyn. Yn de tuskenstân is Pieter-Jan_Postma werom te finen op it 19e plak mei 34 punten. De Poal Rafal_Szukiel giet oan de lieding mei 5 punten.