Sjoerd Hamburger kwartfinalist
Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat him sneon maklik pleatst foar de kwartfinale fan it Olympysk roeitoernoai yn de skiff. Yn syn searje waard Hamburger twadde achter regearend olympysk kampioen Olaf Tufte út Noarwegen.
Moandei komt Sjoerd Hamburger wer yn aksje.