Betizing oer OV-subsydzje

© Omrop Fryslân
Der is betizing oer subsydzje dy't de provinsje jaan wol oan learlingen dy't mei it iepenbier ferfier nei skoalle moatte. De saneamde OV-koarting kin de kosten fan in OV-kaart foar 16- en 17-jierrige MBO-learlingen drukke. Mei-inoar is dêr in miljoen euro beskikber steld. De PvdA seit lykwols dat der hielendal noch gjin subsydzje jûn wurde kin. Neffens de partij moat earst dúdlik wurde hoe't de regeling der krekt út komt te sjen en wa't der rjocht op hat.