Willemsma lâns keunstwurken

08 aug 2008 - 19:31
By it timpeltsje fan Willemsma.

Keunstner Ids_Willemsma naam freed op 8-8-2008 ôfskie fan syn 58e libbensjier. Om dat te fieren naam hy 18 minsken mei op in fytstocht fan 138 kilometer lâns 8 fan syn keunstwurken yn Fryslân.

In bysundere fytstocht, dy´t yn it teken stie fan sport, keunst en it sifer 8. De groep kaam ek lâns ien fan de bekendste keunstwurken fan Willemsma; it timpeltsje op de seedyk by Marrum. Dêr ferstruide de keunstner ek de jiske fan syn eigen burd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)