Auto ramt hûs op 'e Westereen

Foto: Pieter de Vries
Op 'e Westereen is freedtemiddei om sawat trije oere in auto tsjin in hûs oanriden. Dat barde yn 'e Skoallestrjitte. De auto kaam út de A. van der Meulenstrjitte en ried rjochtút de Skoallestrjitte yn. Foardat de wein de muorre fan it hûs rekke, ried er earst in túnstekje plat.
De ynsittenden fan 'e auto rekken net ferwûne by de botsing. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.